Fytsedieven oppakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Ljouwert twa manlju oanhâlden dy't fertocht wurde fan stellerij. In tsjûge fertelde de plysje dat twa manlju besochten fytsen te stellen yn de Alma Tademastrjitte. Op basis fan ûnder oare it sinjalemint fûn de plysje de fertochten yn in tún oan de Van der Kooistrjitte.
Ien fan har hie in mes by him. De oar hie wat dat op in fjoerwapen like, in flinterbom en in loper foar fytsslotten. De mannen sitte fêst. Twa stellen fytsen steane op it plysjeburo.