'Minister net akkoart fúzje'

05 feb 2009 - 07:09

De minister fan Binnenlânske Saken sil net akkoart gean mei de foarnommen fúzje fan fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke fan Fryslân. Dat tinkt professor Herweijer fan de Ryksuniversiteit Grins. Herweijer die syn útspraak woansdeitejûn op in byienkomst yn Warkum.

De minister hat seis kriteria opsteld dêr't in fúzje tusken gemeenten oan foldwaan moat. Neffens Herweijer foldocht de fúzje yn de Súdwesthoeke net oan dy easken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)