Nije kade yn Harnzer haven

© Omrop Fryslân
De Harzner yndustryhaven krijt in nije kade. Op de kade komme kranen en in saneamd Roll-on en Roll-off-systeem. De kade is nedich foar de besteande bedriuwen, mar ek bedoeld om nije bedriuwen oan te lûken. It oanlizzen kostet fjouwer miljoen euro.
Troch de kredytkrisis draait de Harzner haven minder goed as de ôfrûne jierren. De direksje fan de haven wol mei de oanlis fan de kade klear wêze foar de tiid dat de ekonomy wer oanlûkt.