Winst Flyers yn ekstra tiid

Vincent makke alle goals (foto Martin de Jong)
De iishockeyers fan de Hajé_Flyers ha woansdeitejûn nei ferlinging wûn fan Eindhoven. Op it eigen iis fan Thialf waard it 4-3 foar de Flyers. Grutte man by de thúsploech wie Paul_Vincent, hy makke alle doelpunten.
Yn de earste perioade die er dat ien kear, yn de twadde perioade twa kear. Troch trije doelpunten fan De Kemphanen yn de tredde perioade, mei in protte tiidstraffen foar de Flyers, moast de eksta tiid de winner opsmite. Paul_Vincent wie opnij spekkeaper.