Dôven ynspekteare museums

04 feb 2009 - 21:35

Minsken dy't hielendal dôf binne of hiel min hearre kinne, ynspektearje ynkoarten de Fryske museums. Se ûndersykje dan hoe tagonklik de museums binne foar minsken mei sa'n beheining. It is in inisjatyf fan it "Fries Centrum voor Doven en Slechthorenden". Ek de Museumfederaasje Fryslân docht mei.

Elts museum dat meidocht oan it ûndersyk krijt fergees in adfys oer hoe't it better kin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)