Plysje:wapen- en drugsûndersyk

04 feb 2009 - 16:29

De plysje Fryslân is dwaande mei in grut ûndersyk nei wapenhandel en de handel yn drugs. De plysje hat rûnom yn Fryslân by njoggen wenningen en twa bedriuwen ynfallen dien. Dêrby binne trije minsken oppakt: twa manlju út Drachten en ien út Snits. By de ynfallen waarden op ferskate plakken wapens en munysje oantroffen.

Der waard ek in ynfal dien by Jel Dykstra (79) yn Snits. Dat wie nedich omdat by sokke saken gjin risiko nommen wurdt, sa seit de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)