Heech wol boatebûlevaar

04 feb 2009 - 14:41

Heech moat it wettersportplak fan Súdwest-Fryslân wurde. Der wurdt in nij plan ûntwikkele foar in boatebûlevaar fan 300.000 kante meter. Hegemer ûndernimmer Gerrit Venema fan de Prins van Oranje wol tolve grutte wettersportbedriuwen nei it doarp lûke.

Neffens Venema binne der in soad bedriuwen dy't hjir wol hinne wolle, lykas boatebouwers, makelders, arsjitekten, in jachtklub en hoarekasaken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)