Plan studinten foar Peins

04 feb 2009 - 14:23

Peins is in lyts doarp tusken Dronryp en Frjentsjer mei sa'n 270 ynwenners. Der binne gjin foarsjennings mear. Studinten fan 'e akademy foar boukeunst yn Grins presintearren woansdei har ideeën dy't der foar soargje moatte dat it gjin sliepdoarp wurdt.

Ien fan 'e foarstellen wie om yn plak fan de âlde âldereinwenten en hierwenten wat nijs del te setten. De ynwenners fan Peins binne wol tefreden mei hoe't it doarp no is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)