Preparaasje-ark nei Afrika

Meiwurkers fan it Fries Natuurmuseum yn Ljouwert sille studinten yn Kameroen leare hoe't se bisten opsette moatte. Takom wike reizgje preparateur Walen en direkteur Koopmans mei hûndert kilo ark ôf nei Afrika.
Se sille it fak leare oan 30 studinten fan wyldparken yn Sintraal-Afrika. It ark en in lesfideo bliuwe yn Kameroen achter, sadat de studinten harsels fierder ûntwikkelje kinne. It projekt wurdt betelle troch it ministearje fan Untwikkelingsgearwurking.