Nijbou Wingerd Damwâld letter

04 feb 2009 - 11:56

De direksje fan skoalle De Wingerd yn Damwâld is bot teloarsteld no't de nijbou fan de skoalle wer útsteld is. De skoalle foar spesjaal ûnderwiis wachtet al jierren op de nijbou. Troch beswieren fan omwenners binne de plannen al in pear kear útsteld.

No soe de bou heal febrewaris lang om let begjinne, mar der is op 'e nij beswier oantekene. Yntusken groeit de skoalle út syn jaske, seit Direkteur Oebele Harmsma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)