Friezen nei winteruniversiade

Mayon Kuipers nei Sina (foto: Martin de Jong)
Trije Fryske studinten dogge letter dizze moanne mei oan de winteruniversiade yn it Sineeske Harbin. It giet om de reedriders Sietse Heslinga fan ROC Friese Poort, Mayon Kuipers fan Van Hall Larenstein en Anice Das fan de Noordelijke Hogeschool.
De trije meitsje diel út fan in groep fan alve studinten fan ferskate hegeskoallen yn Nederlân dy't meidocht oan de winteruniversiade. Dy wurdt om de twa jier hâlden.