Autofrije strjitte befalt goed

© Omrop Fryslân
Undernimmers en publyk binne foar it autofrij meitsjen fan de Van Harenstrjitte yn Wolvegea. Dat docht bliken út in enkête fan de gemeente Weststellingwerf.
74 prosint fan it winkeljend publyk en 25 fan de 29 winkellju binne foar de ôfsluting foar it ferkear. Yn totaal binne sa'n 500 minsken ûnderfrege. De gemeente is op 10 oktober fan it ferline jier begûn mei it ôfsluten fan in part fan de Van Harenstrjitte. De proef duorret foarearst in heal jier.