Utstalling oer Alvestêdetocht

Utstalling yn Hurdegaryp oer Alvestêdetocht
Hurdegaryp stiet dizze wike yn it teken fan de Alvestêdetocht. De ynwenners ha alles oer de tocht sammele en útstald yn buerthûs De Hameie. De hiele wike binne der aktiviteiten foar jong en âld.
Foarsitter Wiebe_Wieling fan de Alvestêdeferiening iepene de útstalling moandei. Der binne redens te sjen, foto's, krúskes en kranteartikels. Ek de mûtsen fan de Alvestêdetocht fan Tryater binne der.