Van Eysinga sil toanielspylje

© Omrop Fryslân
De jonkhear Van_Eysinga (85) spilet in rol yn in muzyktoanielstik fan muzykferiening De Harmonie yn Sint_Nyk. De âld-keamerhear fan de keninginne spilet de rol fan butler fan in aadlike famylje.
Sa'n 160 frijwilligers fan de muzykferiening en it toanielselskip wurkje oan it stik. Dat sketst de skiednis fan de muzykferiening oan de hân fan fiktive personaazjes. Dêryn binne saken ferwurke dy't út de notulen fan de feriening helle binne.