Bewusteleas nei botsing

03 feb 2009 - 10:12

Twa autobestjoerders ha dit wykein in oanriding feroarsake. Se wiene nei alle gedachten ûnder ynfloed fan GHB. Op de Houtdraaier op It _earrenfean seach de plysje in folslein fernielde auto. De bestjoerder lei derneist en wie bewusteleas.

Tagelyk kaam in melding oer in auto mei swiere skea op de Weinmakker. Ek de bestjoerder fan dy auto wie yn ´e sûs. Ut ûndersyk die bliken dat de auto´s belutsen wiene by in oanriding op de Haskerútgong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)