Kursus mear froulju yn polityk

© Omrop Fryslân
Der sitte te min froulju yn de polityk. Dat fynt it CMO_Partoer yn Ljouwert. Dat sintrum foar maatskiplike ûntjouwing wol dit feroarje troch de aksje ´Meer vrouwen in de Gemeenteraad´.
It projekt bestiet út in kursus mei as doel froulju ta te rieden op de gemeenteriedsferkiezings yn 2010. Op de earste ynformaasjegearkomste die bliken dat sa´n tsien froulju de kursus folgje.