Cambuur-Zwolle wer ôflast

it fjild fan Cambuur is ôfkard
De fuotbalwedstriid Cambuur-Zwolle giet tiisdei net troch. De skiedsrjochter hat it fjild tiisdeitemoarn ôfkard. It fjild is te hurd troch de froast.
Ofrûne freed waard de wedstriid op it alderlêste momint ek al ôfkard. Doe wie it fjild ek te hurd. De wedstriid soe de jûns om acht oere spile wurde. De wedstriid stiet no pland foar tiisdei 10 febrewaris. De wedstriid is beslissend foar de fjirde perioade yn de Jupiler_League.