Slachtoffer kredytkrisis

02 feb 2009 - 22:21

Undernimmer Bram_Heinhuis út Minnertsgea is ien fan de slachtoffers fan ´e kredytkrisis. Hy kin net mear ynvestearje yn syn bedriuw om´t de bank gjin kredyt jaan wol. Heinhuis wol graach in liening fan 65.000 euro foar ferbouwing en in nije showroom.

Heinhuis makket en hannelet yn kompjûters. Syn bedriuw draait tige goed, mar as de bank gjin jild jout, kin dat samar feroarje. Yn it Noarden hawwe fyftich bedriuwen oanjûn gjin jild te krijen fan har bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)