Diks: 'neat ferkeard dien'

02 feb 2009 - 21:49

De Ljouwerter wethâlder Isabelle Diks fynt dat se rjocht hat op it wachtjild fan de ôfrûne twa jier. Diks siet oant twa jier lyn yn de Steaten fan Gelderlân en krijt wachtjild. De ôfrûne seis moanne hat se lykwols wurke. Earst as Twadde Keamerlid, no as wethâlder.

Yn de Steaten fan Gelderlân binne se fernuvere dat Diks wachtjild krijt, wylst se in goed betelle baan hat. Har eigen partij GrienLinks fynt de fergoeding neat, mar Diks mei it hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)