Jong Hearrenfean yn swier waar

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de wedstriid yn de ûnderein fan de beloftekompetysje mei 5-0 ferlern fan jong Sparta. Yn Rotterdam stie it by it skoft al 3-0. De Feansters krigen wol genôch kânsen, mar doelpunten meitsje slagge net.
Nei it skoft waard it noch pynliker. Troch it ferlies is jong Hearrenfean no foarlêste. RKC, de nûmer lêst, hat 8 punten út 15 wedstriden. Hearrenfean hat 15 út 16 en Utrecht 16 út 16. Twa ploegen degradearje út de kompetysje.