De Vries werom by Cambuur

02 feb 2009 - 17:36

Ale Geert de Vries (28) fan Kollumersweach komt direkt werom by Cambuur as tredde keeper. De Vries waard ferline simmer ferhierd oan AGOVV. Mar dêr hie hy it net mear nei 't sin sûnt er syn plak as earste keeper ferlear oan Daan Huiskamp. Syn posysje waard moandei noch minder florissant omdat AGOVV ek âld Utrecht keeper Joost Terol oanlutsen hat.

De Vries hat sels oan Cambuur frege oft er werom komme mei. Hy hat yn Ljouwert noch in kontrakt oant 2010.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)