Nijhof: wachtjild is achterlik

© Omrop Fryslân
Foarsitter Henk_Nijhof fan GrienLinks fynt de wachtjildregeling fan ´e provinsje Gelderlân belachlik en achterlik. Dochs mei neffens him Ljouwerter wethâlder Isabelle_Diks der gewoan gebrûk fan meitsje.
Diks krijt no al goed twa jier in pear hûndert euro yn ´e moanne fan Gelderlân omdat se oant maart 2007 yn de Steaten siet. Yn de twa jier dêrnei hie en hat se rjocht op wachtjild. Ek al hat se in betelle baan. In nuver ferhaal dat GrienLinks ûnbekend wie.