Hjoed trije kear Hjoed

It is dizze wike 15 jier lyn dat Omrop Fryslân begûn mei it nijsprogramma Hjoed op tillevyzje. Nei TV_Oost wie Omrop_Fryslân de twadde regionale omrop yn Nederlân dy´t dat foarinoar krige. Om dêr by stil te stean begjint op moandei 2 febrewaris foar it earst in nijsbulletin om 19.00 oere: de lange Hjoed. Sûnt novimber is der ek al in koarte edysje om 17.00 oere.
Yn de lange edysje fan Hjoed wol Omrop Fryslân langere reportaazjes sjen litte mei mear achtergrûnynformaasje.