Cambuurfjild wurdt wer keurd

02 feb 2009 - 14:31

It Cambuurfjild wurdt tiisdeitemoarn om acht oere keurd troch de KNVB. Foar de Ljouwerters stiet de wedstriid tsjin FC_Zwolle op it programma. Dy wedstriid waard freed flak foar it begjin fan ´e wedstriid skrast.

It Cambuurfjild is noch altyd hurd en glêd. De kâns dat de wedstriid tsjin Zwolle tiisdei spile wurde kin, liket dan ek lyts. Cambuur hat de KNVB frege om it fjild sa betiid mooglik te keuren. Skiedsrjochter Mario_Diks fan Ljouwert sil it fjild keure.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)