Ferdôvingspylk fûn op Skylge
Ien fan 'e fermiste ferdôvingspylkjes op Skylge is weromfûn. De pylkjes misten doel en rekken kwyt by de jacht op de edelherten ferline wike. Yn gearwurking mei de seefeartskoalle waard snein in sykaksje hâlden.
Twa pylkjes binne noch net fûn. De pylkjes binne gefaarlik foar minsken omdat der in grutte dosis ferdôvingsmiddel ynsit. De pylk is fûn yn de dunen by Hee. It slagge ferline wike mar om ien hert te fangen en nei de wâl te bringen.