'Our night' net nei Moskou

02 feb 2009 - 10:24

It nûmer 'Our night' fan twa studinten fan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert wurdt net songen op it Eurovisie Songfestival. De studinten hiene ien fan de seis nûmers skreaun dy't 'De Toppers' sneintejûn op it nasjonaal songfestival songen. 'De Toppers' bestiet út Gordon, René Froger en Jeroen van der Boom.

Sy fertsjintwurdigje Nederlân dit foarjier yn Moskou, dêr't it songfestival hâlden wurdt, mei it liet 'Shine' fan Gordon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)