Rydbewiis kwyt yn Kollumerpomp

02 feb 2009 - 09:50
Foto: Omrop Fryslân

Twa automobilisten binne sneintejûn it rydbewiis kwytrekke op de Kwelderwei yn Kollumerpomp. Der mocht dêr net hurder riden wurde as 50 kilometer yn de oere, mar in man fan It Amelân ried dêr mei 143 kilometer op de teller foarby.

De twadde hurdrider, in man út Leens yn Grinslân, ried 134. Ek hy moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)