Ljouwert: ynbrekker trappearre

De Ljouwerter plysje docht geregeld in berop op Burgernet
In 38-jierrige Ljouwerter is sneintejûn oanhâlden foar it besykjen om yn te brekken. In bewenner fan de Jan Jelles Hofleane seach de man yn syn achtertún, mar naaide út doe't er ûntdutsen waard. Oan de hân fan it kenteken en de beskriuwing fan syn auto koe de man letter yn syn wenning oanhâlden wurde.
Ek de 2.000 dielnimmers fan Burgernet waarden ynskeakele om de man op te spoaren.