Soad animo 11-stêde-eksposysje
De tentoanstelling oer de Alvestêdetocht fan 1942 hat al hûnderten besikers lutsen. Yn it Fries Museum is yn gearwurking mei it Verzetsmuseum in eksposysje makke oer dy âlvestêdetocht yn oarlochstiid.
Snein waard by dy tocht stilstien mei lêzingen en films. Ek song in koar út Zwolle in spesjaal Alvestêdelied. Ien fan de besikers wie de 98-jierrige Chris van der Weij, dielnimmer oan de tocht fan 1942.