Vos tredde op Wintercross
Jan_Jouke_Vos fan It Hearrenfean rûn mei 27,01 de tredde tiid op de Wintercross oer 8 kilometer yn Súdlaren.
Abdi_Saïd fan Muntendam wûn de wedstriid yn Drinte yn 26,32. Nei him eindige Iwan_Kamminga fan Nieuwe Pekela op fiif tellen efterstân. Njoggentich manlju diene mei oan 'e atletykwedstriid.