Skea troch brân skoalle Burgum

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in brân sneontemiddei yn Burgum. Oan de achterkant fan in skoalgebou oan de Talmasingel wie brân ûntstien. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Mar der is wol skea ûntstien oan it gebou, fan bûten en fan binnen.
Omdat de plysje net útslute kin dat it fjoer oanstutsen is, wurdt mooglike tsjûgen frege oft se har melde wolle.