Man feroarsaket 2 kear botsing

31 jan 2009 - 14:46

In man fan 27 út Jobbegea hat freed oant twa kear twa mei syn auto in oanriding feroarsake. Op de Joghem Albedawei ried er oer de foet fan in famke, dat dêr mei har pony oan de hân rûn. Se moast nei it sikehûs.

De autobestjoerder rekke dêrnei yn in slip en gie mei de auto troch in ôfrastering hinne. Op de Ericaleane, in eintsje fierder, ried er tsjin in stilsteande auto oan. Hy gie dêr ek in hûs yn. Dêr hat de plysje him oanholden. De man hie tefolle dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)