Cambuur-Zwolle no op 3/2

31 jan 2009 - 14:07

De fuotbalwedstriid Cambuur-FC Zwolle dy't freedtejûn net trochgean koe, is ferskood nei tiisdei 3 febrewaris. Skiedsrjochter Van Hulten karde it Ljouwerter fjild in kertier foar de wedstriid ôf omdat it troch de froast te hurd wie.

Der stiet in soad op it spul. Cambuur komt nei winst op it twadde plak te stean en FC Zwolle moat yn Ljouwert winne om perioadekampioen te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)