Loy kampioen, Bertjan achtste

31 jan 2009 - 13:47

De Frânsman Tristan Loy is sneon op de Weissensee iepen Nederlânsk kampioen wurden. Nei 100 drege kilometers kaam er solo oer de einstreek. Ruud Aerts waard twadde, Ingmar Berga tredde.

Bertjan van der Veen fan De Jouwer wie op it achtste plak de bêste Fries, Martijn Kromkamp fan Wolvegea waard njoggende. In grutte kopgroep fan sa'n tweintich man makke it kampioenskip. Omdat it dreech wie tinne dy kopgroep hieltyd fierder út. Foar it earst waard in bûtenlanner kampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)