Meldpunt foar notarissen

31 jan 2009 - 12:37

Ek de notarissen liede no de needklok nei oanlieding fan de ekonomyske krisis. Benammen trochdat der folle minder wenten ferkocht wurde, nimme de ynkomsten foar it notariaat ôf.

De lêste jierren hiene in soad notarissen it al dreger trochdat de fêste tariven foar har wurk ôfskaft binne. Dêr komt de krisis no oerhinne. De KNB, it keninklik notarisbûn, hat dêrom freed in meldpunt ynsteld dêr't notarissen tips krije kinne om har finansjele situaasje te ferbetterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)