Spoeddebat oer Nuon

31 jan 2009 - 10:35

No woansdei wurdt der yn Provinsjale Steaten in spoeddebat holden oer de ferkeap fan de Fryske oandielen yn Nuon. De fraksjes fan Grien Links, FNP en SP hawwe it debat oanfrege. Se wize op de maatskiplike en politike ûnrêst dy't ûntstien is oer de gefolgen fan de privatisearring fan de enerzjymerk.

Fryslân hat goed 16 persint oandielen yn Nuon en hat goed njoggen jier lyn besletten dat it dy oandielen fan de hân dwaan wol. De trije partijen wolle dat dat beslút op 'e nij besjoen wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)