Cambuur-Zwolle giet net troch

Cambuur-direkteur Alex Pama
De fuotbalwedstryd Cambuur-Zwolle fan freedtejûn giet net troch. It fjild yn Ljouwert is te min, sa hat de skiedsrjochter sein. Troch de froast is it fjild hurd en glêd wurden en dat is te gefaarlik foar de spilers.
De wedstryd hie om acht oere begjinne moatten. Om seis oere jûns sei de skiedsrjochter by in earste kontrôle noch dat de wedstryd gewoan trochgean koe. Letter kaam hy dêrop werom. It is noch net dúdlik wannear't de wedstryd Cambuur-Zwolle ynhelle wurdt.