Jan Tuttel jier langer by SCO

© Omrop Fryslân
Kuorbaltrainer Jan_Tuttel fan SCO út Aldeholtpea bliuwt in jier langer ferbûn oan de klub. Ek assistint-trainer Arjan Kreeft hat syn kontrakt mei in jier ferlingd.
Earder dit jier hiene de beide mannen al oanjûn graach fierder te wollen as trainers fan SCO. Ek de seleksje hat noch in protte fertrouwen yn Tuttel en Kreeft. SCO stiet op dit stuit fiifde yn de haadklasse A.