Supermerk easket fergoeding

30 jan 2009 - 13:44
Foto: Omrop Fryslân

Supermerk Wassenaar yn Sint Anne sil miljoenen euro's oan skeafergoeding easkje as de bou fan it soarchkompleks efter de supermerk trochgiet. Dat seit wurdfierder Tuinstra fan de supermerk. Yn dat gefal mei der net mear jûns laden en lost wurde.

De bou fan it soarchkompleks leit al twa jier stil. De Ried fan Steat hat sein dat de bewenners tefolle lêst krije fan de supermerk. De gemeente hat dêrnei nije lûdsregels oan de supermerk oplein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)