Nij ferkearsplan De Jouwer

It nije ferkearsknipepunt by De Jouwer komt súdlik fan de hjoeddeistige rotonde te lizzen. It ferkear tusken It Hearrenfean en De Lemmer kin aanst gewoan trochride; it ferkear út de rjochting Snits slút dêr op oan.
It giet om in plan fan 70 miljoen euro dat yn 2013 klear wêze moat. Dat ha provinsje, gemeente en Rykswettersteat freed bekend makke. It ferkear stiet no geregeld fêst foar de rotonde. Der wiene noch twa oare oplossings foar de ferkearsproblemen yn byld.