Thúswedstriid Aris yn beker

30 jan 2009 - 13:12

Basketbalklub Aris Friesland spilet yn de heale finale fan it lânlike bekertoernoai in thúswedstriid tsjin de winner fan Bergen_op_Zoom of Amsterdam.

Amsterdam is de kampioen fan ferline jier en stiet op dit stuit earste yn de Nederlânske kompetysje. Bergen op Zoom stiet sechsde en hat seis punten mear as Aris. Wannear´t de wedstriid spile wurdt is noch net wis. Op 29 maart is de finale yn Almere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)