Ramkreak Aldereinwinkel

30 jan 2009 - 12:10

By in ramkreak yn Ljouwert binne tongersdeitenacht út in winkel inkele mobile telefoans stellen. Mei geweld is de sko-pui fan de Aldereinwinkel oan de Coopmansstrjitte, earder de Friese Zorgwinkel, iepenbrutsen.

De plysje wie der gau by mar koe net foarkomme dat de dieven útnaaiden. Se ha yn alle gefallen senioare-gsm's meinommen, spesjale tastellen mei ekstra grutte knoppen. De Aldereinwinkel is freed gewoan iepen foar publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)