Beloften Cambuur útskeakele

© Omrop Fryslân
De beloften fan Sportklub_Cambuur binne útskeakele yn it bekertoernoai. Der waard tongersdei mar krekt mei 1-0 ferlern fan bekerhâlder Jong PSV. Jong Cambuur koe goed tsjinstân biede tsjin de earedivyzjonist. Pas yn de twadde helte kaam PSV op foarsprong troch in goal fan Stijn Wuytens.
Offaller wie it útfallen fan oanfaller Marc Mboua mei in blessuere. Ferdigener Pieter Collen spile in oere mei en makke in goeie yndruk.