Soad starters yn Westergosône

30 jan 2009 - 10:56

Der is de lêste tiid in opfallend grut tal startende ûndernimmers ynskreaun yn de Westergosône. Dat docht bliken út sifers fan de Keamer fan Keaphannel. It persintaazje begjinnende bedriuwen is yn dy sône sels heger as yn de rest fan Fryslân en ek heger as it lanlik gemiddelde.

Tongersdei diskusiearren dielnimmers oan in wurkkonferinsje oer de fraach hoe't it starters makliker makke wurde kin. Starters hawwe benammen lêst fan de wize wêrop't regels útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)