Utstel bou kostet 250.000 euro

© Omrop Fryslân
Zorggroep Noorderbreedte hopet sa gau mooglik wer fierder te kinnen mei de bou fan in wensoarchkompleks yn Sint Anne. It wurk leit al tiden stil omt Wassenaar supermarkten beswier makke hie. Dy is benaud dat omwenners tefolle lêst krije fan de lossende frachtauto's en it parkeargedrach fan de klanten. Mar de Raad van State hat it beswier ôfwiisd.
It útstel fan it wurk hat de soarchgroep mei-inoar al sa'n 250.000 euro koste.