Opfolger foar Dongeradichter

29 jan 2009 - 20:48
Mark Spijkers en Akke Brouwer

Akke_Brouwer fan Dokkum hat tongersdei nei goed twa jier ôfskied naam as stedsdichter fan Dongeradiel. Se is opfolge troch plakgenoat Mark Spijkers.

Brouwer wie de earste dy´t as ´Dongeradichter´ aktyf wie. Fjouwer kear yn it jier makke se in gedicht by in lokale aktualiteit. Dêrneist skreau se noch tsientallen gedichten omdat se ek drok wie op skoallen en mei lêzingen. Tongersdei sleat se har wurk ôf mei in ôfskiedsgedicht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)