Kramer tsjin rivaal Fabris

Sven Kramer (Foto: Martin de Jong)
Sven_Kramer rydt freed by de wrâldbekerwedstriden yn Erfurt de 5000 meter tsjin de Italjaan Enrico_Fabris. Se treffe elkoar yn de njoggende rit. It duel is pikant, omdat Fabris ferline jier it wrâldrekord op de 5000 meter ôfpakte fan Kramer. Dy wie dêr sa troch rekke dat er it in wike letter alwer werompakte fan de Italjaan.
Op de 1500 meter by de froulju hawwe Marrit_Leenstra en Laurine van Riessen tsjinelkoar lotte.