Nijbou Piter Jelles wint net

29 jan 2009 - 17:56

It nije gebou fan skoallemienksip Piter Jelles yn de Ljouwerter wyk Nijlân is net yn de prizen fallen by de Nationale Scholenbouwprijs. Dy prizen waarden tongersdei útrikt yn Utrecht

De priis gie nei de nijbou fan in skoalle yn Roermond. Piter Jelles soe bûten de boat fallen wêze omdat de sjuery benammen ek sjoen hat nei de ynpassing fan in skoalgebou yn syn omjouwing. Yn de wyk Nijlân moat dy omjouwing noch opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)