Beam falt op Harkemaster

© Omrop Fryslân
In jonge (18) fan De Harkema is woansdei swier ferwûne rekke doe´t er yn in stik bosk by Doetinchem in beam op him krige. It slachtoffer wie mei in tal oare skoalbern en in dosint fan in opliedingsynstitút yn Velp oan it wurk yn de bosk. Se moasten in tal beammen kapje.
De jonge fan De Harkema wie achter de beam stean gien dy´t omfalle soe. De beam foel lykwols oars, wêrtroch de jonge rekke waard. De jonge is swier ferwûne opnommen yn it sikehûs.