Fangen fan edelherten stopset

Woansdei waard dizze hertebok fongen (foto: Ministearje fan LNV)
It fangen fan ´e njoggen losrinnende edelherten op Skylge is foarearst stopset. De fee-artsen dy´t by it fangen belutsen binne, moatte wer oan ´e slach yn har eigen praktyk op ´e fêste wâl.
De fee-artsen betsjinje de gewearen dêr´t de herten mei ferdôve wurde. It doel is dat de fangaksje nije wike in ferfolch krijt. Woansdei waard de earste fan ´e tsien yllegaal útsette herten fongen. In eardere sykaksje smiet neat op.